header6.jpg

Fean en fee yn de Fianen/Veen en vee in de Vianen

durk1

durk2

 

 

Foarich jier is it boek Fean en fee yn de Fianen ferskynd. Koartlyn is ek de Nederlânsktalige ferzje dêrfan útkommen, Veen en vee in de Vianen. It ûnderwerp is, sa’t de titel al oanjout, de Fianen, it noardeastlike hoekje fan de gemeente Smellingerlân. De Rottefalster Kompagnons ha al sûnt har oprjochting yn 1813 in grut part fan de Fianen yn eigendom.

Yn it boek wurdt (ek letterlik) yn kaart brocht hoe’t de Kompagnons har eigendommen yn de Fianen yn de 19e en 20e iuw ferfeane en dêrnei kultivearre ha, en hoe’t dat resultearre yn in boerebedriuw oan de Folgersterloane. Der is ek omtinken foar de ferskillende hierders derfan.

Ferfolgens giet it oer de twadde Kompagnonspleats yn de Fianen, oan de Skieding. Earst komt de bouskiednis ter sprake. Dêrnei wurdt beskreaun hoe’t men libbe en buorke op dy pleats en hoe’t it bedriuw him ûntjoech oant yn de jierren tachtich fan de foarige iuw, soks yn it ljocht fan de ûntjouwingen yn de maatskippij en yn de agraryske sektor.

It boek is dus in bydrage ta de skiednis fan de Kompagnons en as sadanich ta de skiednis fan De Rottefalle. Dêrnjonken is it in famyljeskiednis: famylje fan de skriuwer, Durk Veenstra, hat buorke op de pleats oan de Skieding.

De Kompagnons ha de útjefte fan dit boek finansjeel mooglik makke. It is rynsk illustrearre, mei ûnder oare topografyske kaarten, krantestikjes en foto’s fan âld Rottefalle. It boek is ynbûn, hat in hurd kaft mei in los omslach, mei oan de binnenkant dêrfan in kaart fan de Folgerafeanen út 1746.

Sawol de Frysktalige as de Nederlânsktalige edysje binne te besetten by de skriuwer fan it Kompagnonsbestjoer, Koop Veenstra, Heidbuorren 12. De priis is 20 euro.

Zoeken