header4.jpg

Bûnzjen fan boppen

toaniel logo

Ofrûne sneon 25 jannewaris wie it safier, de jierlikse toanieljûn fan kuorbalklup Wêz Handich.
Wêr’t de lêste jierren meastal keazen waard foar in sjenre yn de foarm fan  in komeedzje as toanielfoarm, waard der dizze kear in triller opfierd troch  toanielspilers fan Wêz Handich.
In dryste kar om't it publyk faaks rekkenet op in humoristysk stik fan dizze groep om't it dochs om de jierlikse feestjûn fan Wêz Handich giet.
“Bûnzjen fan boppen” is skreaun troch Ton Davids, in skriuwer dy’t meardere toanielstikken op syn namme stean hat en wêr’t Wêz Handich der ek al gâns folle fan spile hat.
Yn de útferkochte seal fan it Werflân waarden de besikers  traktearre op in spannende jûn, wêryn gjirrigens en moard oerhearske.

It stik spilet him hielendal ôf yn de wenning fan de famylje Sterkendam.
Mem Sterkendam leit boppe siik op bêd en makket, troch middel fan bûnzjen op de flier, kenber dat Mathilde, har jongste dochter ( in rol sterk del set troch Betty Atsma), boppe komme moat. Dokter Richard Fausser, ( geweldich spile troch Jan Wolter Veenstra) is de jildhongerige en de op Mathilde fereale, húsdokter fan de famylje Sterkendam en stipet Mathilde yn de fersoarging. De oare 2 bern bekommerje harren net om mem, mar komme sa no en dan ris lâns om jild te freegjen om har djoere ferslavingen  betelje te kinnen. De soan Bruno, (prachtige rol fan Jacob v.d Heide) is ferslave oan de coke en syn frou Eugenie ( in rol dy tige oertsjûgjend en realistysk del set waard  troch Nynke Numan) is ferslave oan de drank. Berend (in koarte rol fan Wilco Numan) en de oare dochter Simone (spile troch Anneke Westra) moatte al gau de slach ferlieze. Ek de oare 2, Bruno en Eugenie, komme oan har ein yn de húskeamer. As ynspekteur Zinger (fantastysk spile troch Aly de Boer) de saak komt te ûndersykjen, komt it stik oan in hiel ûnferwachte en ferrassend ein. 
De regy wie dizze jûn wer yn de fertroude hannen fan Jan v.d Heide. It technyske diel waard fersoarge troch Koop Hoekstra. Bauke Benedictus wie wer oanwêzich as fêste ynstekker. 
De reaksjes fan it publyk nei ôfrin oer it fertoande spul fan de spilers wiene tige posityf. Alhoewol’t in  inkelde in foarkar hie foar in komeedzje as toanielfoarm, foel de kar fan it stik oer it algemien yn goede ierde en is fêst foar werhelling fetber. 
Wat der takomme jier op de planken stean sil is noch net bekend, mar it wurdt fêst wer in jûntsje genietsjen. 
Wat wol fêst stiet is de datum; sneon 30 jannewaris 2021!

Oant takomme jier: Wilco Numan (foto's fan bûnzjen)

Zoeken