header4.jpg

Rottefalle Brûst.

DSC 0906Saterdei 19 septimber brûsde de Rottefalle dat it stasei. De hiele dei mei in strak blauwe loft besoarge de organisaasje fan dizze dei in opstekker. Op it plein foar ’t Werflân koene alle aktiviteiten dy’t op’t roaster stiene prachtich syn gerak krije. Moarns foar tsienen spile Polyphonia al dat it in lust wie.
Foarsitster Grytsje Lieuwes koe de nije wethâlder Felix van Beek it wurd jaan om dizze dei offisjeel te iepenjen.

De organisaasje hie it meubilêr corona frij opsteld, sadat de besikers harren plakjes fine koene mei in bakje kofje en in muffin derby.
Oeral yn’t doarp dêr’t de minsken harren garaazjedoarren iepene hiene foar de ferkeap fan har spulllen seagen wy fleurige gesichten yn spanning de klanten ôfwachtsjen.
Iksels ha my ûnder lieding fan ús doarpshistoarikus Durk Veenstra mei Margriet Wieldraaier en har man troch it doarp liede litten. Durk hie in moaie rûte útset. Fan de doarpstsjerke mei de froegere pastory nei it postkantoar fan Jan Mulders (Jan Oetze Keuning) troch de Tsjerkesteech dêr’t we foto’s seagen fan de âlde skoalle en de skoalwenning nei de Brouwersgrêft. Ek dêr wiene genôch histoaryske feiten te fertellen fansels. Op’t Muldersplein gie ús gids fierder mei hoe’t it dêr yn eardere tiden útseach, útlein mei prachtige âlde foto’s. Ek de haven foel yn de histoaryske rûte. Ik fertel net fierder oer de ynfolling; it soe in moai ding wêze dat der faker op sa’n wize troch ús doarp kuiere wurde kin mei in gids (Durk, Yvette?) dy’t oer de nijsgjirrige punten fertelle kin. Fansels kamen we op ús tocht ek it selskip fan de Hymphamp tsjin op’e Haven: wille, wille, wille.
Middeis by ferskillende muzykoptredens west hearlik yn’e sinne: Wessel Douma en syn maat Fouad El Chamarti, Pieter en Michiel Veenstra en Gerard Alderliefste en Geartsje Zwerver. Iit lêste duo wie troch de Kulturele Kommisje oan Rottefalle Brûst oanbean.
Ik ha fansels net alle aktiviteiten by wenje kinnen. It programma wie tige goed útrêst mei in grut ferskil yn aktiviteiten.
De dei waard ôfsluten mei de priisútrikking oan skoalbern dy’t it moaie fan ús doarp sels skildere hiene.
Grytsje koe dêrnei hiel tefreden elkenien wol thús winskje en alle helpers en frijwilligers betankje foar har ynset. It wie in tige slagge dei!

Joop Mast. (foto's fan JoopM)

 

Zoeken