Omrop Fryslân yn De Rottefalle
Freed 16 july die Omrop Fryslân de hiele dei ferslach fanút De Rottefalle. De oanlieding hjirfoar is it evenemint ‘Rottefalle brûst’ dat op saterdei 11 septimber foar de twadde kear organiseard wurdt. En dat Rottefalle brûst, dat ha sy witten by de Omrop. Moai dat safolle bewenners de flagge út hiene, dat makke it doarp ekstra feestelik. Niisgierrich en dochs wat mist? Lústerje, lês en sjoch hjir it hiele ferslach fan dizze moaie dei.