header2.jpg

Skûtsjejier 2013: Pipegaeltsjesjongers en

Les Gabier d’Artimon.

DSC 1072

Freedtejûn 27 septimber  songen “De Piipegaeltsjesjongers” en it Frânske manljuskoar Les Gabier d’Artimon yn de Doarpstsjerke fan de Rottefalle. Yn it ramt fan de fiering fan it Skûtsjejier 2013 waard der in ynternasjonaal shantyfestival op saterdei 28 septimber yn Drachten hâlden. Foarôfgeand dêroan songen hja yn ús Doarpstsjerke. It Frânske manljuskoar Les Gabier d’Artimon – sa’n 32 man en 1 frou, de diriginte – song yn twa rondes mannich seemans- en folkslied. Har lêste sang wie it Bretonse folkslied. Betiden tocht ik it lûd in bytsje werom te hearren fan de yn de 70-er jierren ferneamde “Les Compagnons de la Chanson”. Ek ús “Piipegaeltsjesjongers” brochten harren shantys mei faasje.  Beide koaren brochten de tahearders in fleurige en  muzikale sjongjûn. 
De thúsbliuwers…………………………………………………………..werris ûngelyk!

Foto's: sjoch "foto's evenementen"

Cheque voor "de Rot"

ChequeDeRot200pxZaterdagmiddag 12 okt overhandigde Anne Kroijenga aan boord van het skûtsje “de Rot” de cheque van 400 euro aan de penningmeester van Stichting “Freonen fan de Rot.
Anne organiseerde een aantal vaarten met het skûtsje de Rot om zo d.m.v. sponsering haar reis naar New York te kunnen bekostigen. Samen met leerlingen van het Borneo College voeren ze op een replica van het VOCschip mee. Door de grote belangstelling voor de sponsorzeilvaarten werd het extra geld aangeboden aan de St. freonen fan de Rot.


 

Kulturele Kommisje sette wer útein

phoca thumb m  dsc4005

 Freed 11 okt. 2013 sette de Kulturele Kommisje de Rottefalle útein mei har winterprogram. Yn "it Tiksel" fermakken de ferhaleferteller Mindert Wijnstra en de muzikanten Gjalt (de Jong) en Paul (Simonsma) de oanwêzigen. Lippe Atsma makke fan dizze útfiering in stikmennich foto's. Sjoch: "foto's evenementen

Stoarm op 'e Rottefalle

stoarm mini

Moarndei 28 okt. raasde der in fûleindige stoarm oer ús lân. De gefolgen dêrfan ha wiidweidich op tv, radio en yn de krante te besjen en te beharkjen west. Ek hjir om ús doarp hinne binne der gâns beammen troch dy stoarm tsjin de flakte gien en tsjûke takken as lusiferprikjes ôfknapt. Benammen oan de Houtigehaachsterwei en Skoallewyk is it der behoarlik oan wei gien: op 'e hoeke by Veenstra, by Van der Molen, by Siderius en fierderop efter it hûs fan Wobbe en Anneke wie de skea dúdlik te sjen. Ek by 't hertekamp giene in pear mânske iken tsjin de flakte. Ien kaam sels op ien fan de hokken te lâne. Mear foto 's: