header3.jpg

Skilderij Compagnons 200 Jier

 

 skilderijcompagnons miniIt skilderij dat tidens de fiering fan it 200-jierrich bestean fan de Compagnons ûnder lieding fan Rotfalster keunstners troch frijwilligers makke is, hat in moai plak krige oan de eftermuorre fan de grutte seal fan “It Tiksel”. It is ús oanbean troch de Compagnons en Pier Rijpma en Klaas Kloosterman ha it kreas te plak hongen.

Stichtingbestjoer “it Tiksel”.(sjoch ek foto's evenementen)

 

 

 

 

 

Mata Hari yn "it Tiksel"

mataharimini

In swoele, linige dûnseres ûnder begelieding fan easterseske klanken bestjoende freedtejûn 24 jann. 2014 in grôtfolle seal fan ús doarpshûs.
De Kulturele Kommisje wie der yn slagge de jonge, Fryske artyste Tet Rozendal optrede te litten yn de Rottefalle. Under har optreden koene hja betiden in spjelde fallen hearre, sa hie Mata Hari de minsken yn har besnijing.
Mei har linige lea, beskynd ûnder faak wikseljende kleuren en de betiden opsweepjende muzyk fan har muzikant makke Ted Rozendal der in jûn fan alluere fan.sjoch: foto's evenementen

 

Nieuwsbrief header MFC

 

 Op 14 jan. 2014 was er een zgn. "Kick-off" voor het te vormen Multi Functioneel Centrum in ons dorp. Beide scholen, dorpshuis, peuterzaal, kinderopvang en fysiotherapie zullen in de toekomst samen onder een dak komen. In de tweede Nieuwsbrief wordt u hierover uitgebreid geïnformeerd. (Zie: Nieuwsbrief 2 MFC)

 

Utfiering Wêz Handich 2014

 

whjeugdmini2014

Op har jierlikse feestjûn op 25 jann. 2014 yn "it Tiksel" waarden de oanwêzigen twa toanielfoarstellings oanbean troch de leden: de jeugd fan Wêz Handich spile û.l.f. en makke troch Gryt Postma en Sietse van der Heide "De Rottefalster doarpsmuzikanten". De senioaren fan W.H. spilen ûnder regy fan Feije Westra  "Famylje Bruinsma yn de bocht: Groeten fan de Veluwe".(sjoch ek "foto's evenementen)

 Foar in gruttter ferslach: sjoch Feije Westra syn ferhaal

 Foar de foto's fan de útfiering fan de senioaren sjoch "foto's evenementen", Display Num: All)