header5.jpg

Grutte brân by Klaren

klaren 11Wensdeimiddei 5 maart nei twaën lutsen der grutte, swarte reekwolken boppen ús doarp lâns. Rillegau die bliken dat it op 't Muldersplein wêze moast: de garaazje fan Wiebe Klaren stie yn 'e hens! Wiebe wie op dat stuit net thús en Wil wie te fytsen mei de Plattelânsfroulju. In kunde hie yn 'e garaazje mei syn auto oan 't wurk west en mooglik dat der koartsluting west hat, dy 't de brân feroarsake.
Brânwearauto 's fan ferskillende korpsen rieden foar en begûnen wetter te sykjen, letter ek út 'e haven wei. Omstanners wiene earst wakker bang oft it wenhûs fan Wiebe en Wil wol te hâlden wêze soe. In heechwerker stoarte dikke buien wetter op 'e brân. Omrop Fryslân hie ek op syn side in berjocht fan de brân ferspraat en it nijs om ramen en doarren ticht te hâlden. De skuorre fan Freddie en Aukje waard ek wiet hâlden, de sydkant hie al fjoer! Opslach út 'e skuorre stie op 'e dyk, û.o. in kereven.
De garaazje, it magasyn en de showroom binne folslein útbarnd: Wiebe hat net iens in skroevedraaier mear!! Harren wenhûs moat hielendal skjin makke wurde en luchte, want der hinget in ferskuorrende stank fan reek. Wiebe en Wil hawwe fan ferskate doarpsnoaten – hiel hert ferwaarmjend – in oanbod hân by harren ferfangende wenromte te krijen. Nei in pear nachtsjes útfanhûzjen by  Sjoukje kinne se dêrnei de boppenferdjipping fan Gert Jan de Haan brûke. Bliuwe se moai tichteby yn de buert fan it eigen hûs. (sjoch foto's Luuk Wagter, Joop Mast, Alex de Voor en Wâldnet)

 

Wat binne wy moai fuort .....

TOANMIELMINI2014Sa hjitte it blijspul fan Diana Monshouwer yn in Fryske oersetting fan Siep Jorna dêr 't de toanielploech fan it t.s. de Rottefalle mei oer de fuotljochten kaam op saterdei 1 en 8 maart yn "it Tiksel" yn de Rottefalle.

Hennie Meppelink, Gepke Rijpma, Willemien Kets, Jacob Postema, Marco J. Westerhof en Simon Numan spilen dit toanielstik ûnder lieding fan Alle Oldenburger mei as ynstekker regy-assistinte Angré Rijpma. De spylploech telde  spilers dy 't earder meidiene oan jûnfoljend stikken, in pear dy 't wolris yn ienakters meidiene en ien spiler dy 't net earder mei die yn in toanielopfiering. Styn Mast soarge wer foar kap- en grimewurk, Wim Stuivenwold siet wer efter de knoppen fan de technyk foar lûd en ljocht en Liesbeth Pieterson wie toanielmaster en soarge foar de changementen.

De foto 's binne troch Joop Mast makke op in repetysje:  (foto's toanielútfiering 2014)

Lees meer...

De Emigrant

deemigrantmini

Tiisdei 11 maart brocht de "STICHTING PIER 21" 'de Emigrant' mei as spilers Freark Smink en Theo Smedes yn it doarpshûs "It Tiksel". De seal wie ôfladen fol mei harkers fan de Rottefalle, mar ek út de doarpen fier om ús hinne wei.
Emigrearje dat wie yn de 50-er jierren , fuort nei de twadde wrâldkriich, ek wol wat. Hiele hûshâldings ferlieten Fryslân en famylje om in better brochje ferstjinje te kinnen yn it fiere Kanada as earne oars, sa mienden hja. In takomst - sa die bliken - fan tige hurd wurkjen, fan ûnderen ôf wer opbouwe en dan it fertriet , ûnwennigens, weemoed nei alles wat efter litten wie.
In tige oangripend ferhaal brochten de beide akteurs. It wie dan ek mûsstil, in inkeling "pikte" sels in trien fuort.
Jeltsje Lieuwes

sjoch foto's de emigrant

 

 

Kalis in Doopsgezinde Kerk

 

KALISminiZondag 16 maart vulde de Doopsgezinde Kerk zich met allemaal Kalisliefhebbers. Rottefalsters en liefhebbers van elders bevolkten de kerk. Ze wilden allemaal de band die reeds gestopt was met optreden nog eenmaal zien optreden. De line-up van Kalis is:
Gjalt Bosma zang, fiddle, gitaar Leeuwarden; Rutger Dijkstra zang, bas Drachten; Germ Dikland zang, drums Berlikum; Hans Kerkhoven zang, gitaar Peize; Gerard Nijborg zang, gitaar, french accodions, 5str. banjo Noordburgum.
Het programma bestond uit een optreden van drie kwartier voor en drie kwartier na de pauze. Gehoord de reakties dan heeft ieder genoten van het weerzien met deze band, die in augustus 1997 in Rottevalle ook al met veel succes optrad in de feesttent van het dorpsfeest. (zie ook: Foto's van Joop Mast)